File op A7 tusken Aldehaske en rotonde De Jouwer
Op de rotonde by De Jouwer hat oan it begjin fan de middei in ûngelok west. Dêrtroch stiet op de A7 tusken de ôfslach Aldehaske en de rotonde in file. Wat der krekt bard is, oft der slachtoffers binne en hoelang't der noch file stiet, is op dit stuit net bekend.