Basisskoalbern Súdwest-Fryslân krije les oer fiskmigraasje

31 mrt 2017 - 13:52
Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Bern fan de heechste groepen fan de basisskoallen yn Súdwest-Fryslân sille de kommende tiid sykje nei de blide fisk. 'Op zoek naar de Blije Vis' is in lespakket dat hielendal giet oer de fiskmigraasjerivier. Dy ferbining yn de Ofslútdyk soarget derfoar dat trekfisk hinne en wer swimme kinne tusken de Waadsee en de Iselmar.

Fanwege dy Ofslútdyk is dat al jierrenlang net mooglik en dat hie grutte gefolgen foar de natuer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)