Marga Waanders is de nije foarsitter fan it FUMO-bestjoer

31 mrt 2017 - 13:49
Boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel (argyffoto) - Foto: Omrop Fryslân

Marga Waanders is oanwiisd as nije foarsitter fan it bestjoer fan de FUMO, de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing. Se nimt it foarsitterskip oer fan Isabelle Diks. Dit wie al pland en komt no tagelyk mei de ferkiezing fan Isabelle Diks ta lid fan de Twadde Keamer. Marga Waanders is boargemaster fan de gemeente Dongeradiel.

De FUMO stipet alle 24 Fryske gemeenten, de provinsje en it wetterskip by de útfiering fan fergunningferliening, tafersjoch en hânhavening.

(Advertinsje)
(Advertinsje)