Skoalbern krije les oer stinzen en staten

31 mrt 2017 - 13:13

De bern fan basisskoalle De Swirrel fan Britsum wiene freedtemoarn te gast op Dekemastate yn Jelsum om dêr yn de kunde te kommen mei de skiednis fan stinzen en staten. De besite is ûnderdiel fan in lesprogramma oer stinzen en staten.

De bern gean fansels nei in stins of state ta, mar yn de klasse wurdt der ek omtinken oan jûn. Yn Dekemastate diene se ûnder oare in speurtocht, wêrby't se oan de hân fan fragen fan alles learden oer de skiednis fan Dekemastate.

Op dit stuit binne ek de tunen fan de stinzen en staten it besjen wurdich. Der bloeie allegear bysûndere stinzeplanten. Behalve Dekemastate dogge ek De Skierstins yn Feanwâlden en it Princessehof yn Ljouwert mei oan it lesprogramma.

Trefwurden: 
Dekemastate Jelsum
(Advertinsje)
(Advertinsje)