Omwenners: "Lis gjin nije dyk tusken Snits en Ljouwert oan"

31 mrt 2017 - 12:04

Der moat gjin nije dyk komme tusken Snits en Ljouwert. Dat fine de ynwenners fan de tsien doarpen yn Littensaderadiel, dy't takom jier oergean nei de gemeente Ljouwert. Se wolle dat de besteande dyk, de N354, feiliger makke wurdt. Doarpsbewenners meitsje har soargen oer de nije dyk, want de oanlis dêrfan soe hiel wat konsekwinsjes hawwe kinne.

De plannen foar de dyk, by it spoar fan Snits nei Ljouwert del, binne it stadium fan in proefballon noch net foarby. Dochs meitsje ynwenners fan de tuskenlizzende doarpen har soargen. Se sjogge de nije dyk as gefaar foar it kultuerlânskip en meitsje har ek soargen oer de griedefûgelgebieten.

Trefwurden: 
Snits Ljouwert dyk N354
(advertinsje)
(advertinsje)