Pieter Weening ûntbrekt by Ronde fan Flaanderen

© Team Roompot
Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema docht snein net mei oan de Ronde fan Flaanderen. Weening hat noch te folle lêst fan de gefolgen fan in falpartij. De koereur fan Roompot foel ferline wike yn de Ronde fan Kataloanië en rekke dêrby ferwûne oan de knibbel.
De 35-jierrige Weening makke ferline jier syn debút yn de Ronde fan Flaanderen. Hy waard doe 92e.