Overbeek fan Rotstergaast wurdt bûnscoach reiningruters

31 mrt 2017 - 11:20
In reiningruter yn aksje - Foto: www.knhs.nl

De 51-jierrige Robert Overbeek fan Rotstergaast wurdt bûnscoach fan de reiningruters by de KNHS, de Koninklijke Nederlandse Hippische Sportfederatie. Hy nimt it stokje oer fan Dave Young. Reining is it dressuerûnderdiel fan it western riden en basearre op it oarspronklike wurk fan de cowboys út Amearika. It hat in pre-Olympyske status.

Robert Overbeek hat in hynstebedriuw yn Rotstergaast. Hy fokt ek hynders foar de reiningsport. Ferskate hynders út syn fokkerij hawwe op ynternasjonaal nivo prestearre yn de sport.

Dit jier wurdt it NK reining holden yn Grathem, yn Limboarch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)