SC Hearrenfean wol streek sette ûnder minne searje

31 mrt 2017 - 11:04

Trainer Jurgen Streppel sil tsjin Heracles Almelo nei alle gedachten gjin feroarings oanbringe yn syn basisalve. Dat betsjut dat Morten Thorsby wer op it middenfjild stiet en Luciano Slagveer opnij de foarkar krijt boppe Arber Zeneli. Dat lêste is opfallend, omdat de klup ôfrûne wike oanjûn hat dat it kontrakt fan Slagveer net ferlinge wurdt. Streppel: "We willen de play-offs halen en dat doen we met de spelers die we ter beschikking hebben. Of ze nou weggaan of blijven.''

Lucas Bijker hat fan de klup te hearren krigen dat se gjin gebrûk meitsje fan de opsje om syn kontrakt mei ien jier te ferlingen, mar SC Hearrenfean is noch wol yn petear mei de ferdigener. Heracles hat seis punten efterstân op Hearrenfean en kin by winst definityf oanheakje by de subtop. Foar Hearrenfean jildt dat der út de lêste acht wedstriden mar fiif punten pakt binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)