Rodenhuis wol fierder by Boys

25 okt 2011 - 13:43

Trainer Wieb Rodenhuis fan Harkemase Boys wol mooglik ek takom seizoen trainer wêze op De Harkema. Earder liet hy trochskimerje nei dit jier op te hâlden, mar hy tinkt der no dochs oer nei om syn kontrakt mei in jier te ferlingen. Foarsitter Spinder fan de Boys is der posityf oer en de partijen sille ynkoarten om 'e tafel om fierder te praten oer kontraktferlinging. Tiisdei komme de Boys fan Rodenhuis yn aksje tsjin SC Hearrenfean foar de beker.

(Advertinsje)
(Advertinsje)