Grutte radarkontrôle op Skylge: mear as 200 oertrêdingen

31 mrt 2017 - 10:18
Foto: ANP

De plysje hat de ôfrûne twa dagen op Skylge inkelde grutte radarkontrôles hâlden. Mei in spesjale radarauto waarden tongersdei en woansdei mear as twatûzen passanten kontrolearre op trije ferskillende lokaasjes. Goed ien op de tsien automobilisten krige in bekeuring, om't der te hurd riden waard.

De plysje kontrolearre bygelyks op de Midslannerhaadwei, dêr ried in bestjoerder mar leafst 49 kilometer te hurd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)