Auto yn Dokkumer Ie by Jannum: bestjoerder mei de skrik frij

31 mrt 2017 - 08:25
Foto: De Vries Media

Op de Iedyk yn Jannum is freedtemoarn in bestjoerder mei syn auto yn it wetter fan de Dokkumer Ie bedarre. Hoe't dat krekt barre koe, is noch net bekend. Nei alle gedachten ferlear de man de macht oer it stjoer en koe er net op 'e tiid remje. 

De helptsjinsten waarden alarmearre, mar de bestjoerder koe sels út de auto en op 'e fêste wâl komme. Om't de auto relatyf djip yn it wetter leit, wurdt er letter freed burgen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)