Kollum: ''Sop''

31 mrt 2017 - 08:11

''In pear wiken lyn krige ik op Facebook wer allegear advertinsjes mei oanbiedings fan froulju dy’t graach oaren coache wolle. It skynt har ropping te wêzen en se gunne in oar ek in soad súkses. Se leare je hoe’t je trochbrekke kinne, wat je oant no ta allegear ferkeard dien ha en sy coache je nei in topomset dy’t se sels ek mei gemak helje.

De manier fan wurkjen fan al dy coaches is yn grutte linen itselde. Se biede earst fergees in tsjinst oan, sa as in webinar dêr’t je oan meidwaan kinne en se jouwe ek in soad tips. Mar as je je der in bytsje yn ferdjipje, sizze se eins allegear itselde.

Se brûke it wurd ‘fuck’ of ‘fucking’ in soad,  wurkje mei in plan fan sân stappen en spylje op de ûnsekerheden fan benammen froulju yn. Want dy witte net wat se leuk fine, hoe’t se eat ferkeapje moatte, ensafoarthinne. Se hawwe ek allegear in skiednis fan teloarstellings foardat se it ljocht sjoen hawwe dat se no sa graach mei ús diele wolle. Se sizze ek dat je net pushe moatte wylst se wol alle dagen in mail stjoere en op je Facebook ferskine.

Nei de safolste melding fan in webinar, wie ik dochs wol nijsgjirrich. Mar it die bliken dat de ferbining sa min wie dat it net goed te folgjen wie. Doe krige ik letter it filmke oer de mail. It duorre hast in oere en yn it begjin fûn ik it wol nijsgjirrich, mar ik heakke al gau ôf. It gong eins hieltyd oer itselde mei as doel om dy op te jaan in online programma  te folgjen wat in pear tûzen euro kostet!

Want se binne sels ek net safier kommen sûnder coach en dy ynvestearring binne je mear as wurdich! It wie de kâns om einlings ris eat fan myn libben te meitsjen en sy soe my myn wearde sjen litte. Wa skriuwt him dêr no foar yn, freegje ik my dan ôf en hawwe dy dan yntusken ek al sokke hege  omsetten helle? Bin ik te skeptysk? En wat fyn ik no eins leuk?

Skriuwe… mar in omset fan in ton helje ik noch net. En fierder fyn ik sop siede op dit momint hiel leuk. En dan bedoel ik sop makke fan bûljon dat oeren op it fjoer stiet, mei griente en sopbonken of hin. It jout sa’n soad foldwaaning en it is noch sûn ek. Bûljon is goed foar de terms, mar ek in prima middel om langer sûn en jong te bliuwen.

Miskien moat ik dêr wol in online programma fan meitsje foar froulju dy’t ûnwis yn ‘e keuken binne en noch noait echt sop sean ha. Ik kin harren yn sân stappen leare hoe’t se de hearlikste sop meitsje. Dan krijt it libben einlings sin en komme je yn in next level. Ik jou mysels ek bleat want sop siede is net samar wat en ik ha yn it ferline ek genôch fouten makke.

Sa ha ik ris fjouwer liter hinnebûljon yn ‘e goatstien rinne litten, omdat ik it wol yn in gatsjepanne geat mar dêr stie net in panne ûnder. It is net te beskriuwen hoe ûnnoazel ik my doe fielde. Mar ik ha derfan leard en sokke dingen kin ik jim besparje mei myn goede ried. Myn yntinsjes binne suver en dyn eigenwearde krijt in boost.

Ik moat noch efkes neitinke oer de priis mar wat it ek wurde sil, do bist it wurdich. Kies foar my en ik bin der foar dy dus lit al dy oaren mar moai yn har eigen sop gear siede.''

Hilda Talsma (1971) komt fan Warten en is skriuwster. Hilda is troud mei skûtsjeskipper Jelle Talsma. Tegearre hawwe sy fjouwer bern. Yn 2011 ferskynde har earste roman: ‘De Twadde Hûd’. It is it earste diel fan wat letter in trilogy wurde soe. Yn 2016 publisearre sy har, oant no ta, lêste roman: ‘Wyn fan de wierheid’. Har skriuwstyl is flot, meinimmend, humoristysk en werkenber. Hilda is te folgjen op Facebook.

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)