Update: Plysje lost skot nei achterfolging yn Ljouwert

31 mrt 2017 - 06:15

By de oanhâlding fan trije Ljouwerters tusken de 24 en 27 jier hat de plysje tongersdeitejûn in warskôgingsskot lost. De manlju soene achter it stasjon yn Ljouwert  mei opsetsin in frou oanriden ha. Dêrnei achterfolgen se de frou. Dy warskôge de plysje.

De plysje seach de manlju yn de wyk Nijlân riden en woe se oanhâlde. It trio naaide út, mar yn de Marijkestrjitte koene se net fierder, om't de dyk derút lei. Omdat de plysje it fermoeden hie dat se in wapen hiene, waarden se warskôge. Doe't se útnaaiden, loste de plysje in warskôgingsskot.

Ien fan de manlju bleau stean, de oare twa koene eefkes fierderop oanholden wurde. Se hiene gjin wapen by harren. Har auto is yn beslach naam. De Ljouwerters sitte fêst. De plysje ûndersiket letter freed oft der miskien toch in fjoerwapen yn de auto ferburgen wie..

(advertinsje)