Ried Achtkarspelen ûngelokkich mei oanbesteging regioferfier

30 mrt 2017 - 22:32

De gemeenteried fan Achtkarspelen is hiel ûngelokkich mei de útkomst en de wize wêrop't it regioferfier yn Noardeast-Fryslân oanbestege is. By in fraach en antwurd-sesje siet de publike tribune tongersdeitejûn fol mei personiel en kliïnten fan taksy Waaksma út Koatstertille. Dat bedriuw rekket it ferfier kwyt en de polityk is benaud dat soks in soad banen kostet. In soad foech om ien en oar te kearen hat de gemeenteried lykwols net. It bedriuw kin noch wol yn berop gean en docht dat ek, makke direkteur Rienk Waaksma bekend.

Se wolle yn alle gefallen de oergong fan it personiel nei de nije oanbieders regelje kinne. De gemeenteried is der noch net oer útpraat en by de folgjende riedsgearkomste stiet it op de wurklist.

(Advertinsje)
(Advertinsje)