Mariniers roeie foar goed doel

Goed 50 mariniers fan de Dutch Marines Rowing Challenge roeie freedtejûn om 20.00 oere fan Den Helder nei Koarnwertersân. De roeitocht tsjinnet as training foar in langere tocht fan 300 kilometer nei Dútslân, yn juny. Se meitsje dizze roeitocht oer de Waadsee om jild yn te sammeljen foar kollega's dy't fysyk, psychysk of finansjeel yn 'e problemen sitte. Nei alle gedachten komme se om middernacht oan yn Koarnwertersân. By de roeiers sitte ek in pear Friezen.