Boete foar dwerse Drachtster

30 mrt 2017 - 21:11
It busstasjon fan it Hearenfean - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In 37-jierrige Drachtster hat tongersdei in boete fan 350 euro en in finzenisstraf fan twa wiken ûnder betingst krigen. De man krige septimber ferline jier spul mei plysje nei't er in bus fan Qbuzz op It Hearrenfean net ferlitte woe.

Hy hie te min jild by him en stjoerde syn soan om te pinnen. Doe't de bussjauffeur dêr net op wachtsje woe en sei dat de man út de bus moast, wegere de Drachtster dat. De man bleau ek sitten doe't der twa plysjes yn de bus kamen. Nei in wrakseling slagge it de plysje om de man út de bus te krijen.

Mei in nekklem waard besocht om him ûnder de kontrôle te krijen, mar dat slagge ek net. Hy joech him pas oer doe't in plysje him twa kear yn de side trape. Neffens de rjochter hie de man nei de bussjauffeur harkje moatten.

Trefwurden: 
plysje Drachten
(Advertinsje)
(Advertinsje)