Basketballers fan Aris fuortspile troch Donar

30 mrt 2017 - 21:00
Foto: Omrop Fryslân

De basketballers fan Aris binne tongersdeitejûn yn de noardlike basketbalderby tsjin Donar út Grins fuortblaasd. Yn it Martiniplaza yn Grins waard it 105-56 foar de thúsklup. Donar is koprinner yn 'e basketball league, Aris stiet ien nei lêste. Dit ferskil op de ranglist waard fuortendaliks pynlik dúdlik. Donar naam direkt it inisjatyf en joech dat net mear fuort.

Nei it earste kwart seach Aris al tsjin in 38-14 efterstân oan en se giene mei in dramatyske efterstân fan 60-30 it skoft yn. It ferlies koe ek yn de twadde helte net mear keard wurde. Donar rûn yn it tredde kwart noch út nei 86-39 foar't de einstân fan 105-56 op it skoareboerd stie en Aris út syn lijen ferlost wie.

Trefwurden: 
Aris basketbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)