Fryske wethâlders slaan alarm om Participatiewet

Sosjale wurkfoarsjenning Caparis © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Wethâlders fan njoggen Fryske gemeenten ha in lanlik manifest ûndertekene. Se warskôgje dat troch de besunigingen minsken mei in beheining thús komme te sitten. Yn hiel Nederlân ha 232 politisy it manifest tekene, dat rjochte is oan de nije Twadde Keamer en de ynformateur. Se stelle dat der 400 miljoen ekstra nedich is om de swakkere meiminsken fan de arbeidsmerk te begelieden en stypjen nei wurk.
De gemeenten dy't tekene hawwe, binne: Frjentsjerteradiel, Menameradiel, It Bilt, Ljouwerteradiel, Skylge, Ferwerderadiel, Dongeradiel, Dantumadiel en Kollum.
Participatiewet
Yn 2015 waard de Participatiewet ynfierd. Dat hâldt yn dat minsken mei in arbeidsbeheining safolle mooglik by in gewoane wurkjouwer oan de slach moatte. Mar in lytse groep kin noch telâne by in sosjale wurkfoarsjenning fan de gemeente. De politisy dy't ferantwurdlik binne foar de begelieding nei betelle wurk, stelle dat de oerheid mei dizze wet mear problemen krijt. Mei minder jild mear minsken oan in baan helpe slagget net.
Neffens it CBS binne der 1,7 miljoen minsken mei in arbeidsbeheining. Dêrfan hat 60 prosint gjin wurk.