Update: Akwadukt yn de N31 by Harns leit teplak

Yn Harns is freed it akwadukt yn de N31 nei syn plak yn it Van Harinxmakanaal fearn. Ien kear op it goede plak litte se de grutte betonnen bak sinke. Publyk koe dit technyske wurk fan in rûnfeartboat ôf folgje, dy't spesjaal foar dizze gelegenheid nei it wurkplak fearn is.
Yn de rin fan freed rûn it wurk fertraging op, dat komt omdat der toch ekstra kontrôles nedich wiene, mar om 17.00 wie it gefaarte klear om ôfsinke te litten.
De festiviteiten om de wurksumheden hinne binne fersobere fanwege it deadlike treinûngelok ôfrûne moandei yn Harns, dêrby kamen in heit en syn soantsje om.