Frijspraak foar Terwispeler foar smiten mei bierfleske

30 mrt 2017 - 19:27
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In 22-jierrige Terwispeler is tongersdei frijsprutsen. Hy soe ferline jier op earste peaskedei by it peaskefjoer in doarpsgenoat in bierfleske tsjin de holle smiten ha. De plysjerjochter oardiele op basis fan tsjûgeferklearringen dat net bewiisd wurde koe dat de Terwispeler it slachtoffer in wûne oan de holle besoarge hie troch mei in fleske te smiten. It slachtoffer ried op in quad yn de greide en dêrtroch krigen omstanners modder oer har hinne. Meardere bierfleskes waarden nei him smiten, mar tsjûgen wiisden de Terwispeler net oan.

De fertochte ûntkende. Hy hie wol in fleske fuortsmiten, mar dat wie net hurd en net rjochte. Tsjin in anonime tsjûge soe er sein ha dat er it fleske smiten hie, mar dat fûn de rjochter te meager om de man te feroardieljen. Troch de frijspraak koe de skeaclaim fan de quad-rider, in bedrach fan goed 1.000 euro, net tawiisd wurde.

Trefwurden: 
justysje Terwispel
(Advertinsje)
(Advertinsje)