Exmoorponnys moatte dunen op Skier iepenhâlde

30 mrt 2017 - 19:09
Foto: NM/Ilja Zonneveld

Op Skiermûntseach wurde fiif Exmoor-ponnys loslitten om oerstallich grien op te fretten yn de dunen. Se moatte tefoaren komme dat de dunen fierder tichtgroeie mei strewelleguod. Op it eilân wurde sûnt ein 2015 al Spaanske Sayaguesa-kij ynset foar datselde doel. It is de bedoeling dat Skiermûntseach wer in iepen dúnlânskip krijt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)