Circulaire Expo oer werbrûken grûnstoffen
Ljouwert is in permaninte eksposysje riker; de Circulaire Expo oan de Turfmerk. It is in inisjatyf fan de feriening Circulair Friesland. Sy wolle der nei ta dat ús ekonomy aansen sa wurket dat grûnstoffen safolle mooglik wer brûkt wurde. De Circulaire Expo moat dat konkreet meitsje. Dêr leit no in ferskaat fan produkten op besjen; fan healfabrikaat oant saken dy't de konsumint no al brûke kin. It stribjen is om it tal produkten noch fierder út te wreidzen en alle dagen iepen te gean.