"Sinnepark yn Wurdum mooglik as bewenners der achter stean"

30 mrt 2017 - 17:32

"As de inisjatyfnimmers fan in sinnepark by Wurdum better mei de ynwenners kommunisearje en draachflak kreëarje, is in sinnepark wol mooglik". Dat seit Gjalt Benedictus fan de Enerzjy Koöperaasje yn Garyp. Dêr is yn goed oerlis in sinnepark fan 27.000 sinnepanielen oanlein op it eardere stoart by it doarp. Dat park foarsjocht de 1700 húshâldens fan it doarp fan griene stroom.

Yn Wurdum fielden de minsken har bot oerfallen troch de plannen en kearden harren fûl tsjin dy plannen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)