Filmkolleksje echtpear Zerb nei Fries Film Archief

30 mrt 2017 - 17:31

It Fries Film Archief is yn it besit kaam fan 60 unike âlde filmkes. It materiaal komt út de jierren 1950 en 1960 en wie fan it echtpear Johan en Siets Zerb-de Jong. Beide libje net mear en dochter Liesbeth hat no de hiele kolleksje oerdroegen oan it Fries Film Archief. Der sitte ûnder oaren ûnderwetteropnamen by.

Johan Hendrik Zerb (1920–2001) wie bistedokter yn Akkrum en amateurfilmer. Hy en syn frou wienen entûsjaste dûkers en se makken mei in sels boude ûnderwetterkamera opnamen yn Frankryk en Spanje. Yn de kolleksje sitte ek bylden fan Akkrum, mei it UT-fabryk, ek filme er eveneminten yn it doarp. De films wurde ynventarisearre en digitalisearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)