Abe Lenstrastadion: fuotballers derút, konserten deryn

30 mrt 2017 - 17:18
Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

It Abe Lenstrastadion wurdt dizze simmer wer omboud ta konserthal. Op 17 juny sille dêr ûnder oare Syb van der Ploeg, Gerard Joling, Roel van Velzen, en Nielson optrede. It moat in konsert wurde mei allinnich mar Nederlânske artysten.

Der sille ek fuotbaleleminten taheakke wurde oan de show. Sportklup Hearrenfean is yn juny al mei fakânsje, dus it fuotbaljen sil gjin lêst hawwe fan it konsert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)