FIDEO: Skatsiker Robbert oer archeologyske fynsten

Yn Fryslân stienen earder ek in soarte fan kastielen lykas yn Ingelân, se waarden staten en stinzen neamd. Amateur-archeolooch Robbert Velt út Ljouwert jout oan de hân fan âlde fynsten ûnder de grûn ynsjoch yn de tiid fan de staten en stinzen. We folgje him by in gastles op de Maximaskoalle yn Ljouwert foar ús rige oer archeology.
Dit is ôflevering twa. Earder yn Fryslân Hjoed wie de earste ôflevering mei Robbert Velt te sjen.