Grutte skjinmakbeurt foar it strân fan Flylân

30 mrt 2017 - 16:59
It strân fan Flylân wurdt skjinmakke, sadat elk der wer fan genietsje kin - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Steatsboskbehear makket moandei en tiisdei it strân fan Flylân wer skjin. Dat wurdt al jierren dien mei help fan de gemeente, definsje, de KNRM, Rykswettersteat en frijwilligers. Guon fan dy frijwilligers komme der spesjaal foar nei it eilân.

Minsken dy't helpe wolle, kinne har noch oanmelde by Steatsboskbehear op Flylân.

Trefwurden: 
himmelje Flylân strân
(Advertinsje)
(Advertinsje)