Frou rekket ferwûne by botsing Noardburgum

© Srfotografie
In frou is tongersdeitemiddei ferwûne rekke by in auto-ûngelok op de Ryksstrjitwei by Noardburgum. It buske dêr't de frou yn siet botste mei in auto, wêrtroch't it buske op syn kant bedarre. De brânwacht hat de frou út it buske befrijd en in ambulânse hat har nei it sikehûs brocht. It buske en de auto binne dêrnei troch in sleper ôffierd, mar de dyk is fanwegen skjinmakwurksumheden noch ôfsletten foar ferkear. It is noch net bekend hoe't it ûngelok bard is.