Haulerwyk wol wer op de buorden by de N381

Haulerwyk wol wer neamd wurde op de buorden oan de N381. Undernimmers hawwe it idee dat minsken it doarp en dus de winkels net mear fine kinne. Se hawwe tegearre mei pleatslik belang frege om it te feroarjen, mar noch sûnder resultaat. Se hawwe it gefoel dat se tsjin in muorre fan burokrasy oanrinne.
Freed is der in petear mei de ûndernimmersferiening, Pleatslik Belang Haulerwyk en de gemeente.
De provinsje hat in fersyk dellein by de gemeente Eaststellingwerf om de buorden te feroarjen. Dêroer sil de gemeente no neitinke. Se moatte dan wol sels de kosten betelje.
Undernimmer Willem Boonstra fernimt by syn klanten dat se faak it paad bjuster binne: "Minsken komme geregeld in healoere te let. Der wie lêstendeis sels ien dy't fia Appelskea kaam wie. Dat kin net de bedoeling wêze", sa seit Boonstra. Hy is beslist net de iennige ûndernimmer dy't baalt fan it ûntbrekken fan dúdlike buorden. Dêrom hat de ûndernimmersferiening oantrune op in petear mei de gemeente.