Primeur: De Kast spilet sukses-CD yntegraal

30 mrt 2017 - 16:28

"It is in primeur, dat we alle nûmers fan de cd 'Niets te verliezen' yntegraal live spylje," fertelt Syb van der Ploeg fan De Kast. De Fryske band spilet op it festival FreezeForze op 8 july yn De Westereen. "It idee komt fan ús âlde tourmanager, dy sei dat we eins wat aparts dwaan moasten, en doe kaam er mei dit idee. We wienen fuort entûsjast." It album ferskynde tweintich jier lyn en wie it meast suksesfolle album fan de band.

"Der binne mear as 200.000 fan ferkocht, dat is echt in soad. It is echt ús topper, mei wol fiif hits, wêrûnder In nije dei. Mei elkoar steane der 16 nûmers op en de plaat duorret in oere en tsien minuten. Guon nûmers ha we noch noait live spile, mar it liket ús hartstikke leuk en we sjogge der echt nei út." De muzikanten binne al drok oan it repetearjen. "Dat is wol moai, ûntdekst dy âlde nûmers op 'e nij, dat ha we toch wol aardich makke." Ek it plak fan it festival sprekt Syb van der Ploeg oan. "Dêr siet ik earder te fiskjen mei ús heit."

(Advertinsje)
(Advertinsje)