Omrop Fryslân giet oer op fertikale fideo

30 mrt 2017 - 17:08

Hieltyd mear minsken besjogge de útstjoerings en reportaazjes fan Omrop Fryslân op mobile apparaten, lykas in tablet of mobile telefoan. De measte sjoggers hâlde dêrby it apparaat rjochtop, oftewol fertikaal. Yn plak fan horizontaal lykas in telefyzje. Dêrom sil Omrop Fryslân tenei ek reportaazjes fertikaal útstjoere.

“We ha ûndersyk dien ûnder ús publyk en dêrút blykt dat hjir hieltyd mear ferlet fan is. Dêrom ha we besletten hjir op yn te spyljen”, sa seit Douwe Boersma, einredakteur online.

“Boppedat kinne wy in soad saken sa better yn byld bringe, tink oan hege bouwurken lykas de Aldehou, mar ek it fierljeppen.”

Der binne wol ferskate oanpassings nedich op de wurkflier om mei fertikale fideo te wurkjen. Sa moatte montaazjesets en de studio fan Fryslân Hjoed oanpast wurde. Fertikale reportaazjes binne fan no sneon ôf te sjen yn Fryslân Hjoed, op omropfryslan.nl en de omropapp.

De earste fertikale reportaazjes binne al opnaam, ûnder oaren oer Doutzen Kroes. Se binne hjir boppe te finen en kinne it bêste besjoen wurde op in mobyl apparaat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)