Skieppehoeder Sam Westra bliuwt mei skiep yn Griene Stjer

30 mrt 2017 - 16:22
Foto: Omrop Fryslân

Skieppehoeder Sam Westra fan Ljouwert kin dochs mei syn keppel skiep oan it wurk bliuwe yn de Griene Stjer en Camminghaburen. Hy drige syn baan kwyt te reitsjen omdat de gemeente Ljouwert in oare skieppehoeder oanlutsen hie om it grien te ûnderhâlden. Dêr kaam in hiel soad protest tsjin, foaral omdat it der op like dat de skiep fan Westra nei de slacht moasten.

De ôfrûne tiid is socht nei in oplossing. Westra giet no as ûnderoannimmer oan de slach by de oare skieppehoeder. Freed giet er der wer op út mei syn skiep.

(Advertinsje)
(Advertinsje)