Ekstra boukavels yn Hege Kamp yn Oerterp

30 mrt 2017 - 16:11
In boufakker oan it wurk - Foto: ANP

Yn Oerterp komt dit jier romte foar 31 ekstra boukavels yn it wenningplan Hege Kamp. Ut merkûndersyk hat bliken dien dat dêr ferlet fan is. Der komme 22 twa-ûnder-ien-kapwenningen, fiif rychjeshuzen en fjouwer frijsteande huzen. De nije huzen passe yn de plannen dy't Opsterlân hat foar de wenningfoarried yn de gemeente. Dy binne der ûnder oare op rjochte om minsken fan alle leeftiidsgroepen plak te bieden.

Trefwurden: 
kavel Oerterp
(Advertinsje)
(Advertinsje)