Bern yn Achtkarspelen swimme as rotten

30 mrt 2017 - 16:07
Swimles - Foto: ANP

Hast alle bern yn Achtkarpselen helje ien of mear swimdiploma's. Dat is mear as fiif jier lyn en ek mear yn fergelyk mei lanlike sifers. Dat docht bliken út ûndersyk yn opdracht fan de gemeente. De gemeente hat dit ûndersyk fiif jier lyn ek dwaan litten.

Oanlieding wie doe it ôfskaffen fan it skoalswimmen. Achtkarspelen woe witte hoe't de situaasje der no hinne leit. Ut it ûndersyk docht net allinnich bliken dat it wol goed sit, mar lit ek sjen dat hast de helte fan alle bern ek it diploma C hellet.

Trefwurden: 
Achtkarspelen swimdiploma
(advertinsje)
(advertinsje)