Plysje fynt himpkwekerij yn Kollumerlân

30 mrt 2017 - 15:53
Foto: Plysje NOF

De plysje hat tongersdei yn in wenning yn de gemeente Kollumerlân in himpkwekerij ûntmantele. Yn it hûs binne goed 200 potten mei himp oantroffen. In 39-jierrige fertochte is oanhâlden en meinaam nei it buro foar fierder ûndersyk. De plysje kaam de kwekerij op it spoar nei in melding fia Meld Misdaad Anoniem.

Trefwurden: 
himp Kollumerlân plysje
(advertinsje)
(advertinsje)