Selstraf foar fjouwer oerfallers coffeeshop Wolvegea

30 mrt 2017 - 15:51

Fjouwer manlju dy't yn jannewaris ferline jier mei in soad geweld in coffeeshop yn Wolvegea oerfallen ha, ha selstraffen krigen fan tusken de ien en trije-en-in-heal jier. De haadfertochte út Den Haach krige de heechste straf. Hy soe de minsken yn de coffeeshop bedrige ha mei in nep-kalasjnikov. Twa oaren krigen trije jier en twa-en-in-heal jier. In fjirde fertochte krige in jier finzenisstraf. Hy wie de iennichste fan de fertochten dy't bekend hat. De oare trije sizze dat se der neat mei te krijen ha. De rjochtbank leaude dat net.

(advertinsje)
(advertinsje)