Heiten yn de finzenis moatte better kontakt mei de bern ha

30 mrt 2017 - 15:49

It kontakt tusken heiten yn de finzenis en harren bern moat better. Dêrom is der yn de PI Leeuwarden in nij projekt betocht dat op 1 april úteinset. Belangryk ûnderdiel fan dit projekt is de nije famyljekeamer. Dêr kinne heiten en bern inoar sjen yn in omjouwing dy't net echt tinken docht oan in finzenis. It liket op in gewoane húskeamer.

Humanitas Ljouwert is ek belutsen by dit projekt. Dy binne dwaande mei it projekt Altijd Vader. Dit hâldt yn dat frijwilligers fan Humanitas de famyljes begeliede.

It docht bliken dat wannear't heiten goed kontakt hâlde mei it gesin, se minder gau yn krimineel gedrach ferfalle as se frijkomme. En ek de bern sille harren better ûntwikkelje.

Yn Fryslân Hjoed hearre we it ferhaal fan Martin. Hy sit foar langere tiid fêst yn de Ljouwerter finzenis en hat in dochterke fan 10 jier. Direkteur Anna Nijstad fan PI Leeuwarden en Marrit van der Hoest fan Humanitas skowe ek oan om mear te fertellen oer it projekt.

(advertinsje)
(advertinsje)