Jagers telle de reeën yn Fryslân

02 apr 2017 - 10:37

Alle jagersferieningen yn Fryslân hawwe freed en sneon de reeën yn harren wurkgebiet teld. Dat dogge se alle jierren. It jout in goed byld fan de ûntwikkeling fan it oantal reeën en de kondysje fan de bisten.

De Faunabehearienheid yn Fryslân bepaalt dêrnei mei in spesjale rekkenmetoade hoefolle reeën oft der ôfsketten wurde kinne. De jagers krije help fan oare frijwilligers by it tellen. Ferline jier waarden der hast 6500 reeën teld.

Buro de Vries gie mei Titus Sijmonsma fan de jagersferiening op 'en paad. Mei de kaart en kiker op skoat rieden se troch in gebiet om De Tynje hinne. In part fan dit gebiet leit ûnder de A7, in drokke dyk. Sijmonsma ûnderskruwt it belang fan it yn kaart bringen fan it tal reeën. Yn it ramt fan de ferkearsfeilichheid moat de populaasje hjir beheind bliuwe. It tellen wurdt dien fanút de auto om de reeën sa min mooglik te fersteuren.

Sijmonsma hat dit faker dien en wit krekt wêr't je de measte kâns hawwe om reeën te treffen. As in ree sjoen wurdt moat dy 'oansprutsen' wurde. Oansprekke is it beneamen fan it geslacht en oft it in jong of folwoeksen bist is. It betûfte each fan Sijmonsma sjocht binnen in tel oft er te krijen hawwe mei in jonge bok of in swier wyfke. Plak en tiid wurde krekt op de kaart notearre.

Sijmonsma fynt dizze telling beslist gjin straf om te dwaan. Jagen is in passy en yn it fjild wêze, witte hoe't it der mei de bisten yn it fjild foar stiet, dat heart dêr allegear by. "De Latynske namme fan de ree is Capreolus capreolus, dat betsjut geheimsinnich, en dat is de ree ek. We tinke dat we aardich wat witte fan dit bist, mar niks is minder wier. Hy bliuwt ferrassen."

Eltse dielnimmende jager hat in gebiet tawiisd krigen dat dit wykein trije kear teld wurde moat. Se telle in grutter gebiet as harren eigen jachtfjilden en de telgebieten oerlaapje elkoar. Dit om foar te kommen dat jagers tefolle opjouwe om sa te realisearjen dat se mear ôfsjitte meie. De provinsje Fryslân hat 27 wyldbehearsienheden, yn alle WBE's wurdt teld. Oer likernôch in moanne binne alle gegevens ferwurke en is bekend hoefolle reeën der ôfsketten wurde moatte.

Trefwurden: 
reeën telling
(advertinsje)
(advertinsje)