Súdwest-Fryslân start twa projekten foar help oan gesinnen

30 mrt 2017 - 13:46
Boartersguod - Foto: ANP

De gemeente Súdwest-Fryslân komt mei twa programma's dêr't frijwilligers stipe by jouwe oan âlden. It giet om de programma's Meeleefgezinnen en Homestart. Yn it earste gefal wurdt help jûn oan gesinnen mei bern oant fiif jier mei âlden dy't psychyske problemen hawwe. De bern wurde foar in langere perioade op fêste dagen en tiden opfongen. It is de bedoeling dat de âlden sa wat op krêften komme.

HomeStart biedt stipe oan gesinnen mei op syn minst ien bern fan seis jier of jonger. Frijwilligers jouwe ûnder oare praktyske help.

Dat dogge se gemiddeld twa-en-in-heal oere yn de wike, in jier lang. Sa moat foarkaam wurde dat lytse problemen útgroeie ta slimmere problemen.

(advertinsje)
(advertinsje)