Gjin tydlike wenningen foar statushâlders De Fryske Marren

30 mrt 2017 - 13:40

De gemeenteried fan De Fryske Marren hat woansdeitejûn definityf besletten gjin tydlike wenningen te bouwen foar statushâlders. Yn gearwurking mei de wenningkorporaasjes is it slagge om genôch besteande hierhuzen te finen foar statushâlders. Ek omdat der minder flechtlingen binne, is de bou fan tydlike wenningen net mear nedich.

De Fryske Marren hat ferline jier hast 150 statushâlders húsfeste. Der moat no noch foar tolve statushâlders in wenning fûn wurde. Dat slagget yn de besteande hierwenten fan de trije wenningkorporaasjes yn De Fryske Marren, seit de gemeente. Mochten der wer mear flechtlingen komme, dan makket de gemeente in nij plan. Der wurde gjin lokaasjes yn reserve hâlden.

(advertinsje)
(advertinsje)