Soad ynteresse foar melkfeehâldersprojekt, opjefte ferlinge

30 mrt 2017 - 13:27
Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Fryske melkfeehâlders kinne harren noch oant 15 oktober op jaan om mei te dwaan oan it projekt 'Schoon Erf, Schoon Water'. De organisaasje hat de termyn ferlinge, omdat der sa'n soad belangstelling foar is. Yn dit projekt besykje boeren minder ôffalwetter fan it hiem rinne te litten, dat is better foar it miljeu.

Boeren dy't meidogge, krije tûzen euro fan de provinsje as stimulearring. Der is al in groep fan 60 boeren dy't ynformaasje krigen hat en besite hân hat fan in adviseur. It projekt wurdt organisearre troch ûnder oare LTO Noord, Wetterskip Fryslân it fakbûn foar melkfeehâlders NMV.

Minder wetter fan it hiem

De gearwurkjende partners stribje dernei dat der yn 2012 80% minder wetter fan it hiem spielt. "We hawwe no al goed 700 dielnimmers", seit Peet Sterkenburgh fan LTO Noord. "We sjogge dat der noch folle mear boeren binne dy't graach meidwaan wolle. Dat is in goede saak, want sa nimme we as sektor ek echt ús ferantwurdlikheid as it giet om it weromdringen fan it 'hiemôfspielen'.

Reaksjes posityf

De adviseurs gean by de boeren del om mei harren te sjen hoe't se it oanpakke kinne, se krije oant no ta positive reaksjes. "We zien dat veel melkveehouders al hebben nagedacht over mogelijke aanpassingen op het erf", fertelt lânbouadviseur Janke Kloosterman. ''Een teken dat mensen gemotiveerd zijn en met de juiste instelling deelnemen. Als we samen met de ondernemer de situatie op het erf in kaart gebracht hebben, regelen we meteen ook de aanvraag voor de stimuleringsbijdrage. In principe is voor de melkveehouder alles geregeld als wij vertrekken.''

(Advertinsje)
(Advertinsje)