Sipke Hulshoff kin wol haadtrainer boppe him akseptearje

Sipke Hulshoff kin wol akseptearje dat der foar it kommende seizoen in haadtrainer boppe him komt te stean. Dat sei de trainer tongersdei nei de training fan syn ploech. "Ik bin noch in begjinnend haadtrainer yn it betelle fuotbal. Mar ik wol wol in grut oandiel hawwe yn de fjildtrainingen, want dêr leit myn krêft", sa seit Hulshoff. Nei it fuortgean fan Arne Slot kommend seizoen nei AZ, sille begjin takom wike de einpetearen mei Sipke Hulshoff plakfine. It is noch net dúdlik oft hy fierder kin as haadtrainer.
Mar Hulshoff soe dus libje kinne mei in nije haadtrainer boppe him. Hy giet der fan út dat hy en Cambuur it wol iens wurde sille oer kommend seizoen. "It sjocht der posityf út; de lêste ploaien moatte noch efkes glêd strutsen wurde. Sjoch, Cambuur is myn klup. Ik haw it hjir hiel goed nei 't sin."
Foar de wedstriid freed tsjin Emmen woe Hulshoff noch gjin opstelling jaan. "Wy moatte noch wat puzzelstikjes lizze en it noch mei de groep beprate", sa seit hy.