Europeeske hantekenaksje foar in aktyf minderhedebelied

30 mrt 2017 - 13:15

Der komt in Europeesk boargerinisjatyf foar in aktyf Europeesk minderhedebelied. Minderhede-organisaasje FUEN sil, mei stipe fan lidorganisaasjes as de Ried fan de Fryske Beweging, besykje om fan de kommende simmer ôf ien miljoen hantekens op te heljen foar de rjochten fan minderheden. As it slagget om in miljoen hantekens te sammeljen, dan moatte de Europeeske kommisje en it Europeesk Parlemint oan de slach mei in searje maatregels om minderheden better te beskermjen. It boargerinisjatyf hjit 'Minority Safepack Initiative'.

Grien ljocht

De Europeeske kommisje hat woansdei lang om let grien ljocht jûn foar dat boargerinisjatyf. Dat Minority Safepack Initiative waard al yn july 2013 yntsjinne troch sân Europeeske politisy dy't opkomme woenen foar de rjochten fan minderheden. Ien fan dy politisy wie Jannewietske de Vries, op dat stuit noch deputearre fan kultuer en ûnderwiis yn Fryslân.

It Minority Safepack is in inisjatyf fan minderhede-organisaasje FUEN, dêr't sa'n njoggentich minderheden út hiel Europa by oansletten binne. Frank de Boer út Ljouwert wurket by FUEN as juridysk adviseur. Hy hat de ôfrûne fjouwer jier in drege juridyske striid fierd mei de Europeeske kommisje om it Minority Safepack akseptearre te krijen, want it boargerinisjatyf waard yn 2013 noch ôfwiisd troch de Europeeske kommisje. Dat beslút waard lykwols yn febrewaris ferneatige troch de Europeeske rjochtbank yn Lúksemboarch.

Ien miljoen hantekens nedich

De Europeeske kommisje fan no fan Jean-Claude Juncker en Frans Timmermans, joech woansdei dochs noch grien ljocht. FUEN en alle oansletten organisaasjes moatte no fol oan de bak. Wat de Europeeske kommisje giet hjir pas mei oan de slach as der ek echt 1.000.000 hantekens lizze. De hantekens moatte, as it heal kin, út hiel Europa komme en yn ien jier tiid sammele wurde. Dêrby jildt ek foar ferskate lidsteaten in minumumtal hantekens. Foar Nederlân is dat oantal fêststeld op 18.000.

Frank de Boer rekkenet der op dat dy 18.000 hantekens der wol komme sille. FUEN en Ried fan de Fryske Beweging binne fan doel om yn Fryslân aktyf kampanje te fieren, ek al omdat it jierkongres fan de FUEN yn 2018 yn Ljouwert is. Boppedat beskôget de FUEN it projekt 'Lân fan taal' fan de Kulturele Haadstêd as in gaadlik poadium om in soad hantekenings te sammeljen foar it Minority Safepack Initiative.

Gjin aktyf Europeesk belied

Foar FUEN is it Minority Safepack Initiative in prinsipekwestje. 'Ienheid yn ferskaat' (Unity in diversity) is ien fan de grûnprinsipes fan de Europeeske Uny. FUEN fynt it dêrom mar frjemd dat der op dit stuit gjin aktyf Europeesk belied is foar de beskerming fan minderheden. De EU hat yn it ferline wol in aparte subsydzjeregeling hân foar stipe oan minderheden, mar dy is al sa'n 15 jier lyn ôfskaft. Sûnt dy tiid moatte 'minderhedeprojekten' de konkurrinsje oangean mei projekten foar de grutte Europeeske talen.

It gefolch dêrfan is dat it benammen foar lytse minderheden in poepetoer is om noch jild út Brussel te krijen. Ek is dúdlik dat yn guon lidsteaten lykas Poalen, Grikelân en Frankryk de rjochten fan minderheden ûnder druk stean. It aktyf belied op dat mêd fan de Europeeske Uny kin helpe om ek dêr wat oan te dwaan, hopet FUEN. Sjoch foar mear ynformaasje ek op ús Europablog.

(Advertinsje)
(Advertinsje)