Sloop oan de Nachtegaalstrjitte yn Drachten úteinsetten

30 mrt 2017 - 12:43

Wenningboukorporaasje Accolade is begongen mei de sloop fan de apparteminten oan de Nachtegaalstrjitte yn Drachten. It giet dan om it part fan it kompleks dat nei de eksploazje fan desimber 2015 steanbleaun is.

Accolade hopet yn de simmer begjinne te kinnen mei de nijbou, mar dat hinget ôf fan hoe flot oft it fergunningentrajekt ferrinne sil. It plan is om op itselde plak 38 nije apparteminten te bouwen, geskikt foar ien- en twapersoanshúshâldens.

(Advertinsje)
(Advertinsje)