Grutte kontrôle op Ofslútdyk, njoggentjin bekeuringen

30 mrt 2017 - 12:04
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat woansdei in grutte kontrôle op de Ofslútdyk hâlden. Motorriders hellen bestjoerders út it ferkear en brochten se nei in kontrôleplak. Der waarden njoggentjin bekeuringen útskreaun, fjouwer dêrfan wienen foar it beljen achter it stjoer.

Ek waarden seis bestjoerders bekeurd foar de snelheid, sy rieden mear as 30 kilometer te hurd.

Trefwurden: 
kontrôle plysje Ofslútdyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)