Feteranen Smellingerlân krije takom wike in draachynsynje

30 mrt 2017 - 11:57
In eardere útrikking yn de Martinitsjerke fan Snits - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Fjirtjin militêre feteranen út de gemeente Smellingerlân krije nije wike fan boargemaster Van Bekkum in ynsynje opspjelde. It giet om in saneamde draachynsynje yn it ramt fan de Nobelpriis foar de frede. Militêren dy't tusken 1948 en 1988 aktyf west hawwe by fredesoperaasjes kinne yn de beneaming komme foar dizze ynsynje. Nederlân hat yn dy perioade oan acht fan sokke missys meidien.

Yn Smellingerlân binne 37 militêren dy't yn de beneaming komme foar sa'n draachynsynje, 14 fan harren hawwe oanjûn dy wol hawwe te wollen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)