GrienLinks: ''Gjin gas winne by Ternaard''

30 mrt 2017 - 11:35
Gaswinning - Foto: ANP

De rieds- en steateleden fan GrienLinks yn Fryslân roppe Shell op om serieus te oerwaagjen gjin gas te winnen yn de Waadsee by Ternaard. Neffens de partij is it bedriuw prima by steat om oer te stappen op in duorsume enerzjyfoarsjenning. It soe moai wêze as dy omslach yn Ternaard begjint, skriuwt GrienLinks yn in brief oan Shell.

De Waadferiening en de aksjegroep Fêste Grûn Dongeradiel hawwe earder inselde oprop dien oan Shell. Se binne fûl tsjin de foarnommen gaswinning en fine dat Shell kieze moat foar it behâld fan it Wrâlderfgoed.

(Advertinsje)
(Advertinsje)