Gemeente wol De Skalm yn Stiens 40.000 euro jaan

30 mrt 2017 - 11:14
Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Kultureel sintrum De Skalm yn Stiens krijt 40.000 euro fan de gemeente Ljouwerteradiel. Dêrmei moat it sintrum him selsstannich rêde kinne, tinkt it kolleezje fan b. en w. Twa eksterne partijen wiene ferantwurdlik foar behear en ekploitaasje en mei de finansjele administraasje gie dat net goed. Dy wie net op oarder en der waarden rekkens mei in ferkeard bankrekkennûmer ferstjoerd.

De gemeente wol De Skalm net opdraaie litte foar dy skea en stelt dêrom jild beskikber. De gemeenteried praat 6 april oer it foarstel fan b. en w.

(Advertinsje)
(Advertinsje)