Ynbrekker op 'e die betrape yn Ljouwert

30 mrt 2017 - 10:57

De bewenner fan in wenboat oan de Willemskade yn Ljouwert hat woansdeitenacht in ynbrekker op 'e die betrape. De fertochte wie de wenboat fan de man ynkaam. It giet om in 22-jierrige man sûnder fêst wenplak. De plysje hat him meinommen nei it buro. Der wurdt fierder ûndersyk dien.

By De Jokse waard ek noch in 26-jierrige man út Ljouwert oanhâlden. Hy moast noch 134 dagen de sel yn.

Trefwurden: 
plysje ynbraak Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)