Misdiedigers faak aktyf yn eigen gemeente

30 mrt 2017 - 10:37
Foto: Omrop Fryslân

Fertochten fan in misdriuw yn Ljouwert wenje yn 70% fan de gefallen ek yn dy gemeente. Dat docht bliken út analyze fan de kriminaliteitssifers oer 2016 fan it CBS, it Centraal Bureau voor de Statistiek.

Lanlik sjoen wennet 55% fan de fertochten fan in misdriuw yn de gemeente dêr't it delikt plakfûn. Oare gemeenten yn Fryslân litte deselde sifers sjen. Yn De Fryske Marren bygelyks giet it om 52% en yn Smellingerlân om 59%.

Trefwurden: 
ynbrekkers analyze
(Advertinsje)
(Advertinsje)